Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


De Fryske Skiednis yn 11&30 finsters - diel 1


De Fryske Skiednis yn 11&30 finsters - diel 1 (2009)

Op basis fan 'e Kanon fan de Fryske Skiednis makket Omrop Fryslân skoaltelevyzje in searje televyzjeprogramma's oer de iere skiednis fan ús provinsje. De earste tolve finsters fan 'e Fryske skiednis binne no útbrocht op DVD. Presintator Freark Smink liedt de sjogger troch de earste tolve finsters fan 'e Fryske Kanon. Op dy wize ûntstiet in kronologysk byld fan it ûntstean fan ús provinsje, fan 'e earste bewenners yn 'e preehistoarje oant en mei de ein fan 'e Midsiuwen. Terpen, Romeinen, keningen, kleasters, de Fryske frijheid en Grutte Pier komme fansels foarby, mar ek minder bekende en ferrassende ûnderwerpen. Skiednis om nei te sjen, net allinne ynteressant foar skoalbern, mar foar elkenien fan tsien oant hûndert! 3 DVD's, finster 1 o/m 12